FacebookTwitterRSS Feed

Nijs/Aktiviteiten


Rêdbad fan Willem Schoorstra earste Boek fan de Moanne

Op sneon 5 oktober 2013 wurdt de aksje Boek fan de Moanne feestlik iepene. It earste Fryske boek dat in moanne lang mei koarting yn de boekhannels leit is Rêdbad, kronyk fan in kening, de suksesfolle histoaryske roman fan Willem Schoorstra. Om 13.00 oere sil Schoorstra troch de Rêdbâdtrailer fan Feenstra Transport út Damwâld, begelaat troch muzyk fan Baldrs Draumar, de offisjele iepening fan it Boek fan de Moanne ferrjochtsje by boekhannel Schaaf yn Dokkum (Grote Breedstrjitte 2). Dêrnei geane de manlju nei Boekhannel Bergsma yn Dokkum en dan rydt de trailer mei de skriuwer en bandleden troch de provinsje nei Ljouwert wêr om likernôch 14.30 oere in stop makke wurdt by de AFUKboekhannel op de Bûterhoeke yn Ljouwert. As lêste halte docht de trailer Van der Velde yn Wommels oan om 16.00 oere op 't Noard.

Boek fan de Moanne is ien fan de ferkeap befoarderjende aksjes dy't de Stichting Boeken fan Fryslân organisearret. Alle moannen sil in Frysk boek yn de boekhannel en dêrbûten tsjin in oantreklike aksjepriis te keap wêze. De website www.boekfandemoanne.nl, posters, flyers en oare aktiviteiten sille de ferkeapaksje ûndersteune. Mear nijs oer de aktiviteiten en ynformaasje oer it boek is te finen op de website.
Rêdbâd is de hiele moanne te keap foar € 17,50, nei 1 novimber jildt de priis wer € 22,50.

Yn novimber is De kâlde krústocht fan Hylke Speerstra it aksjeboek en yn desimber it berneboek
Stille nacht, wûndernacht. Oant desimber 2014 sil hieltyd in nij Frysk boek aksjeboek wêze. Omdat oktober de Moanne fan de Skiednis is yn de boekhannel is as earste Boek fan de Moanne keazen foar de histoaryske roman Rêdbâd.
Yn de Stichting Boeken fan Fryslân wurkje alle Fryske útjouwerijen, de AFUK, Tresoar en de Bibliotheekservice Fryslân mei-inoar gear om de ferkeap fan Fryske boeken te befoarderjen. Oan no ta hawwe fyftich boekhannels yn en bûten Fryslân har by de aksje Boek fan de Moanne oansletten.

Foar mear ynformaasje oer it earste Boek fan de Moanne kinne jo ek terjochte by de organisaasje:
Piter Boersma (058-2501475) , Ida Heddema (058-2343070) en Jelma Knol (058-2845812).