FacebookTwitterRSS Feed

Aktiviteiten

Doch mei oan de Rêdbâd-wedstriid en win in priis foar it libben!

Tattookeunstner Rinto fan Burgum hat foar dizze wedstriid in spesjaal ûntwerp makke nei oanlieding fan it boek Rêdbâd – Kronyk fan in Kening fan Willem Schoorstra. In unyk ûntwerp foar in unike tattoo, dy’t de winner fan de wedstriid fergees sette litte kin. Boppedat sil it pleatsen fan de tattoo fuortendrekt yn novimber 2013 plakfine!

Logo rinto.nlFoar sa’n bysûndere priis moat fansels wol ien en oar barre. Om kâns te meitsjen moatte gadingmakkers:

  1. trije fragen beantwurdzje dy’t te krijen ha mei it boek, en
  2. yn it koart oanjaan wat se fan it boek fine.

Understeand de trije fragen:

  1. Wat is de namme fan it swurd dat Rêdbâd fan de goadefroulju krijt?
  2. Pake Gardulf fertelt yn it boek oer it ûntstean fan de wrâld. Dat begjint mei it wekker wurden fan it Oerwêzen. Hoe hjit dat wêzen?
  3. Rêdbâd hat in rie dy’t him bystiet. Hoe wurdt dy rie neamd?

Stjoer jim antwurden en reaksjes foar 28 oktober 2013 nei Stichting Boeken fan Fryslân, Postbus 53, 8900 AB Ljouwert, ûnder fermelding fan jo namme, adres en telefoannûmer.

Mei de winner wurdt op 1 novimber 2013 kontakt opnaam.

In soad súkses!

RintoRinto begûn syn karrière yn de jierren ’80 nei ferskillende opliedings dien te hawwen, u.o. oan de Vredeman de Vries keunstakademy yn Ljouwert. Hy sette út ein by Tattoo Karel yn Grins en waard twa jier letter eigner fan dy studio. Yn 2004 ferhuze er nei Burgum om dêr Rinto’s Tattooshop te begjinnen. Hy is wilens Europeesk ferneamd: minsken komme rûnom wei om troch him tatoeëarre te wurden. Ek hat er op ferskillende covers fan ynternasjonale blêden stien, lykas dy fan it Ingelsktalige blêd Total Tattoo: ‘The Dutch master of Japanese and traditional tattoos.’