FacebookTwitterRSS Feed

Nijs/Aktiviteiten

Boek fan de Moanne

Rêdbâdtoer troch de provinsje

Sneon 5 oktober giet der in grutte trailer mei in ôfbylding fan kening Rêdbâd en syn lange swurd mei as promoasje by boekhannels lâns.

As earste wurdt boekhannel Schaaf yn Dokkum oandien.
Dêr wurdt de poster ûntbleate en de earste display dêr't foartan de Boeken fan de Moanne ynkomme te stean ûntbleate. De display krijt in moai plakje op de toanbank yn de boekhannels om it selektearre boek in prominint en opfallend plak yn de boekhannel te jaan.

 

 

 

Boek fan de MoanneBoek fan de MoanneOmdat it sok prachtich waar is, beslute twa bandleden fan Baldrs Draumar net binnen sitten te bliuwen, mar in optreden wei te jaan foar de boekhannel. Al gau komt der winkeljend publyk op ôf.

Skriuwer Willem Schoorstra dielt flyers út en sinjearret syn boek.

 

 

 

Boek fan de MoanneHjirnei ferhuzet it selskip nei boekhannel Bergsma. Dy hat foar de gelegenheid in gouden eareplakje foar it boek Rêdbâd makke, dat alle klanten daliks al mei it boek yn kontakt bringt.
As hjir de nije display op de toanbank ferskynt, komt der ek daliks in keaper op ôf.