FacebookTwitterRSS Feed

Boek fan de Moanne

Eppie Dam

Fallend ljocht - troch Eppie Dam

Ynhâld

der siet al kop yn myn gedichten
doe’t de holle noch gjin punt wie
as wie ik harsenûnnoazel
en koe ik it broaze
fan tinken wol ha

Ofbrek en ferlies fan krusiale funksjes bepale it earste skift fan dizze bondel. Yn it twadde lûkt de dichter de line troch nei it ôfbroazeljen fan âlde godshuzen, en tagelyk fan in wurd dat oait betsjutting hie. Dêrnei blêdet er yn in boek mei fergiele portretten: bylden fan minsken dy’t spoaren neilieten, en de nammen dy’t him berikten yn wite keferten. ‘De dood is reusachtig en onbegrijpelijk’, dichte Csezław Miłosz yn syn Theologisch traktaat, dêr’t Eppie Dam njoggentjin fersen fan oersette. Yntusken giet it slûpspoar fan de slak streekrjocht nei de blomkoal ta.

(…) al krûpend witst dyn doel al,
eagen op stâltsjes, de stikeme noas
fan de lânferkenner –en as ik even net sjoch, bist fierder as ik tocht.

(út ‘Oan de slak yn myn tún’)

Dizze bondel fan 80 siden is yn jannewaris 2015 te keap as Boek fan de Moanne foar €10,00.
Nei 1 febrewaris is de priis wer €14,95.
Keapje it by jo boekhannel of bestel it by www.noordboekwinkel.nl

Eppie Dam oer syn bondel

Yn it earste skift gean ik it gesprek oan mei hear Huntington, of miskien ynwindich wol de striid. It is in striid dy't ik ferlieze sil, mar no noch net. Yn it twadde skift wurdt de line trochlutsen nei it ferfal fan de tsjerke, al hâlde guon gebouwen noch har wearde en betsjutting. Yn it tredde skift reizgje ik it libben nei, mei nammen en ideeën dy't weirekke binne, en alles wat ûnderweis oan perspektyf feroare. Yn it lêste skift, oersettingen fan de Poalse dichter Csezlaw Milosz, ha ik ymplisyt omtinken jûn oan de twaspjalt tusken dichter en leauwige. Dy twa binne min te ferienigjen, mar by guon minsken sitte poëzy en religy no ienkear fan natuere yn it bloed.