FacebookTwitterRSS Feed

Boek fan de Moanne

Skeind Ferline fan Douwe de Graaf

BOEK FAN DE MOANNE

Skeind Ferline - troch Douwe de Graaf

Ynhâld

Nei fjouwer suksesfolle boeken oer de lokale skiednis fan Drachten en Achtkarspelen hat Douwe de Graaf him no weage oan in Fryske roman. In roman oer in fergriemd libben, dat him ek hjoed-de-dei noch krekt sa ôfspylje koe.

'Flokkend en dûm fan lulkens rûn er nei de brommer, stapte op en ried nei hûs. Thús pakte er syn jachtgewear, die der patroanen yn en troppe noch in pear yn 'e bûse. Dêrnei ried er werom nei de pleats oan de Koaibosk. In pear hûndert meter foar de pleats die er de brommer út en slûpte nei in rút yn 'e foarkeamer en loerde nei binnen. Se wienen der no allebeide; Hinke siet oan tafel en de man siet te krantlêzen. De lulkens en de haat kaam wer brûzjend yn Romke omheech, it waard him swart foar de eagen. Hy raasde: 'Smearlap, dikke smearlap. Smoarge hoer datst bist. Woest my net ha, hen, ik wie te min foar dy!' Doe lei er it gewear oan syn skouder en skeat roch de ruten'.

Dit boek fan 195 siden is yn maart 2015 te keap foar € 9,95.
Nei 1 april is de priis wer €12,50.

Keapje it by jo boekhannel of bestel it by www.afuk.nl.

 

Douwe de Graaf oer syn bondel

"De hoofdpersoon Romke heeft het eigenzinnige dat ook veel personages in de romans van Rink van der Velde kenmerkt; het grote verschil is dat Romke door zijn gebrek aan verantwoordelijkheidsgevoel zelden de sympathie van de lezers opwekt".