FacebookTwitterRSS Feed

Alde Leafde

Alde Leafde

Ynhâld

Alde Leafde bestiet út in tsiental briefwikselingen, skreaun tusken 1941 en 1971 troch minsken út ferskate plakken yn de provinsje. De bondel giet oer âlde leafde, mei alles wat dêrby hearde: hoopfolle ferwachtingen, hertstocht en fertriet, wanhoop en ûnwennigens, gelok en blydskip. De brieven binne oanfolle mei in autentike troufoto fan de tsien troude pearen en in koart libbensferhaal. 

Dit boek fan 85 siden is yn april 2015 te keap foar €12,50. Nei 7 juny is de priis wer €17,50.

Keapje it by jo boekhannel of bestel it by www.afuk.nl


Famyljes út it boek

Kleaster Eanjum Yn 1941 en 1942 skriuwe Jan Hiemstra en Tine Jensma mekoar brieven.
Ynterview mei dochter Henny Hiemstra út Berltsum.
Sibrandabuorren Yn 1941 skriuwe Teake Posthuma en Tryntsje van der Velde mekoar brieven.
Ynterview mei omkesizzer Reinder Posthuma út Wommels.
Raerd Yn 1947 skriuwe Catharinus van der Werf en Trees van der Meer mekoar brieven. Ynterview mei soan Nico van der Werf út Raerd.
Eastermar Yn de jierren 1945 en 1946 skriuwe Bouwe van der Meulen en Syp Hulshoff mekoar brieven. Ynterview mei dochter Antsje Schoenmakers út Eastermar.
St. Jabik Ut Ynje wei skriuwt Tjamme Valk yn 1950 brieven oan Janke Siesling.
Ynterview mei tantesizzer IJmie Kingma út Dronryp.
Jiskenhuzen Yn de jierren 1948 oant 1950 skriuwt Klaas Kuperus oan Tini Hoogland. De earste brief is fan 30 jannewaris 1948 as Klaas mei de boat ôfreizget nei Ynje ta. Ynterview mei Klaas Kuperus. De hear Kuperus is ferstoarn op 8 april 2014.
Hoarnstersweach Yn 1955 skriuwt Aise Kramer oan Afke Posthuma, as hy op de kazerne yn
Ossendrecht ferbliuwt. Ynterview mei Afke Kramer út Lippenhuzen.
Easterein Yn de jierren 50 skriuwe Douwe Houtsma en Carlie de Bruin mekoar brieven.
Ynterview mei Carlie Houtsma-de Bruin út Wommels.
Drachtsterkompenije Yn 1956 skriuwt Hans de Jong brieven oan Gaatske Posthumus. Ut Assen
wei, mar ek as Hans op de kazerne yn Wietzendorf ferbliuwt, skriuwt hy oan
har. Ynterview mei famylje De Jong.
Boarnburgum Yn 1970 en 1971 skriuwe Johannes Baarsma en Trudi Krap mekoar brieven.
Ynterview mei famylje Baarsma.