FacebookTwitterRSS Feed

Boek fan de moanne

Boek fan de Moanne - Wyn fan feroaring

Johanna Kamstra is in jonge húsdokter dy 't sa op it each it perfekte libben hat. Har pasjinten binne wiis mei har, se is ferloofd mei gynaekolooch Joost en wennet yn in prachtige filla oan 'e râne fan Ljouwert. Dochs hat se altyd it gefoel dat se tekoart sjit en net past yn har omjouwing.

Se hat al jierren gjin kontakt mear mei har âlden, dy 't der mar wat hinne libje. De ienige fan har famylje dêr 't se har by thús fielt is omke Hannes. Mei him en har neef Ate gong se as jongfaam altyd op sylfekânsje. As omke komt te ferstjerren moat Johanna wol kontakt sykje mei har heit en mem en sjocht se har famylje foar it earst yn jierren werom. Ek Ate.

It testamint fan Hannes set it libben fan de famylje Kamstra folslein op 'e kop. Se moatte mei elkoar in kasko klear meitsje foar de IFKS-silerij en dêrmei by de earste trije eindigje. De ynset: de foarstlike erfenis fan Hannes...

Mei Wyn fan feroaring skreau Hilda Talsma de earste echte skûtsjeroman. Fris en tagongklik, mei 'it brûs foar de kop'. Nei de Frisum-trilogy De twadde hûd, Flammen en It geloksbern en de roman Brekber is dit alwer har fyfde boek. Yn alle boeken stiet de minsk en de leafde yn al syn foarmen sintraal.

ISBN: 978 90 8954 769 9,

Dit boek fan 243 siden is yn july 2015 te keap foar € 15,00. Dernei t is de priis wer €18,50.


Keapje it by jo boekhannel of bestel it by www.afuk.nl.

 

Fierder lêze? BESTEL it boek  NO BY DE BOEKHANNEL FOAR MAR € 15,00