FacebookTwitterRSS Feed

Boek fan de Moanne

It grutte foarlêsboek

De moaiste foarlêsferhalen foar bern fan 2 jier ôf

De moaiste ferhalen oer fan alles en noch wat: in knyn dy't de hik hat, wetterpokken, Tomke en noch folle mear. Foar âlders dy't graach foarlêze, mar ek foar pakes en beppes, juffen en masters, mar foaral foar de bern sels!

Mar leafst 23 skriuwers en 22 yllustratoaren ha oan dit prachtige boek meiwurke:

auteurs: Jelle Bangma, Peter Bezemer, Karen Bies, Pieteke de Boer, Wim de Boer, Titia Bosma, Berber Bouma, Maike Bouma, Lida Dykstra, Geartsje Douma, Robert Douw, Ysbrand Drost, Tity Hasz-Sinnema, Mirjam van Houten, Adriana Kalwij, Karin de Liedjesmamma, Jurjen van der Meer, Auck Peanstra, Riemkje Pitstra, Marijke Popma, Sjoerd F. Talsma, Forina van der Zee, Baukje Zijlstra

yllustratoaren: Maaike van den Akker, Coen Annema, Tryntsje Bottema, Marijke Buurlage, Vera Damhuis, Studio Doeke, Ekaterina Grishina, Linda de Haan, Tity Hasz-Sinnema, Mirjan van de Hel, Akke Antje Hettema, Mirjam van Houten, Ingrid van der Kallen, Luuk Klazenga, Marijke Klompmaker, Sietske van der Meij, Yke Reeder, Froukje Reitsma, Sonja Reus, Anna Sikkes, Elbrich Vreeling, Ellen Wels

BESJOCH HJIR IT YNSJOCHEKSIMPLAAR. 

Gerda Havertong hat it earste eksimplaar krigen. BESJOCH HJIR IT FILMKE.


Martsje de Jong yn Boekenbijlage.nl:

"It Grutte foarlêsboek is krekt wat it seit te wêzen: in prachtich yllustrearre boek, mei in grut ferskaat oan ferhalen, ferskes en gedichtsjes foar bern fan twa jier ôf. Stik foar stik orzjinele ferhalen, guon fan betûfte skriuwers, mar ek guon meitsje har debút" "It grutte foarlêsboek is fan 'e earste oant de lêste bledside in feest om út foar te lêzen en om nei te sjen. De ferhaaltsjes binne net te lang, sadat de oandacht fan de bern net ferlern giet en de gedichtsjes en ferskes noegje út om hieltyd wer te lêzen".

Foar it boek jildt in aksjepriis oant en mei 31 desimber fan € 16,50,
dêrnei kostet it boek € 19,50.


Keapje it by jo boekhannel of bestel it by www.afuk.nl