FacebookTwitterRSS Feed

Boek fan de Moanne

De skipsjonges fan Bontekoe

'Het leven van een mán jongens, gaat nooit zonder stormen voorbij.'

Bekende wurden foar wa't oait it ferneamde jongesboek De scheepsjongens van Bontekoe lêzen hat.
It ferhaal fan de ûngeloksreis fan skipper Willem Ysbrantsz. Bontekoe en syn 'Nieuw-Hoorn' is tige bekend. Op basis fan it orizjinele 17e-ieuske skipssjoernaal fan Bontekoe hat Johan Fabricius yn 1923 syn ferneamde jongesboek skreaun. It boek mei de aventoeren fan de trije skipsjonges Hajo, Padde en Rolf is al mear as 250.000 kear ferkocht, ferfilme, as strip útjûn en ek al oerset yn acht talen - en no ek yn it Frysk!: "It libben fan in mán giet net sûnder stoarmen foarby."

Aksjepriis is: € 17,50


Keapje it by jo boekhannel of bestel it by www.afuk.nl

 

Resinsjes

- Resinsje fan Ernst yn Op en Ut fan Douwe Heeringa
- Resinsje fan Tante Tjits