FacebookTwitterRSS Feed

Skriuwer fan de Moanne maaie

H. TALSMA02 406
Portretfoto's fan Hilda Talsma binne makke troch Wim de Vries

Hilda Talsma oer 'It Geloksbern'

Oer Hilda Talsma

Nei ferskate skriuwkursussen, debutearre Hilda Talsma (1971) yn 2011 mei har earste roman
De twadde hûd, mar se hat ek in grutte rol spile by it ta stân kommen fan it skûtsjeboek De Jonge Jan, De Poep en de Sytema’s (2010). Dit wie in gearwurkingsferbân mei Klaas Jansma en Klaas Meeter.
Har twadde roman Flammen kaam yn 2012 út en is in ferfolch op De twadde hûd. It Geloksbern (2013) is it lêste diel fan de Frisum-trilogy.

Yn dizze boeken wurdt in doarpslibben op in realistyske en rûge manier beskreaun. Har direkte en humoristyske styl fan skriuwen, yn sprektalich Frysk, meitsje dat de boeken flot en meisleepjend binne om te lêzen.


Berne op in doarp en har hiele libben wenjend yn doarpen, wit Hilda Talsma as gjin oar wat der him achter de ‘deeglike’ skermen fan in doarpsmienskip ôfspylje kin. Oerspul,  drankmisbrûk, merke, romantyk, seks en leafde…alle yngrediïnten foar in spannend ferhaal.

‘Hilda Talsma hat mei De twadde hûd sjen litten dat se in talint hat dat in breed publyk fertsjinnet: flot, meinimmend, humoristysk en mei in oansprekkende styl. Yn har twadde boek Flammen giet se net allinne fierder mei it útdjipjen fan de personaazjes út har earste boek, se lit ek sjen dat se groeid is yn har skriuwersskip. It boek is tige ûnderhâldend en hat in ferrassend slot.
It Geloksbern is de titel fan it tredde en lêste diel út de Frisum-Trilogy. Wa ’t earder in boek fan har lêzen hat, wit wat dat betsjut: wille, romantyk, seks en healewize sitewaasjes, dy ’t lykwols elk oerkomme kinne. Want dat is Hilda Talsma. Se nimt jo mei fleur en faasje mei yn it libben fan de ynwenners fan it moaie doarpke Frisum. In doarp as alle oare doarpen yn Fryslân. De minsken meie wol oer in fersetsje en as der dan in feest is, dan wolle de oars sa degelike maskers noch wolris foarwei gean en wurdt der hjir en dêr flink bûten de stringen stapt. Dat jout hilaryske sitewaasjes, mar ek pynlike mominten, dy ’t foar elk werkenber binne, ommers: soks bart rûnom. ’

Hilda is troud mei Jelle Talsma en se hawwe fjouwer bern: trije soannen en ien dochter.

Toaniel

Hilda hat ek ferskate toanielstikken skreaun, dy’t allegear opfierd binne. It binne flotte, moderne en humoristyske stikken, sawol foar folwoeksenen as foar de jeugd :

Moai fuort: Ienakter foar folwoeksenen

Wy geane te farren: Ienakter foar folwoeksenen

Apen en bearen: Ienakter foar de jeugd

Boerenbont: stik foar folwoeksenen

Suze Nane: ienakter foar folwoeksenen

It hier fan de kening: ienakter foar de jeugd, skreaun as musical foar groep5/6