FacebookTwitterRSS Feed

Resinsjes oer Fallend Ljocht


Lêzers oer de bondel 'Fallend Ljocht'

Tsead Bruinja yn de Leeuwarder Courant:

Dam hat de dûns fan Huntington oannaam, mar net sûnder syn partner noch in pear nije paskes te learen, nammentlik dy fan syn lichthumoristyske, mankelike en sykjende poëzij. Foar abstraksje en twivel is yn dizze bondel rûm plak, bygelyks yn it manjefike fers ‘Slotgebed’ wêryn’t Dam de lange relaasje mei syn god ûndersiket. De toan fan dit grutte petear is folwoeksen, it wurdt nea weak of ûnderdienich. At de skjirsliper Huntington al wat slipe hat dan binne it de sykjende wurden fan Dam, dy’t er wûnderlik knap yn ’e stringen hâldt.

Folsleine resinsje fan Tsead Bruinja lêze >>>

Abe de Vries yn it Friesch Dagblad:

Wat ‘hear H.’ oanrjochtet yn it ‘ik’ komt nei foaren yn it earste skift. It wurdt wjerspegele yn it ferfal dat tiid en Zeitgeist it ynstitút tsjerke oandogge yn it twadde skift. Fallend ljocht toant him yn syn opbou as in kollaazje dy’t reizget fan syktebegjin yn ’e rjochting fan ’e dea, mar dy’t dochs net alhiel einiget yn mineur; en yn feite in oerwinning is fan in ‘ik’ – of, as jo wolle, fan de minsklikheid – op it grutte Neat. Dúdlik is dat de wrede muze dy’t de Fryske poëzij is, mei dizze bondel fier boppe slein hat. Dat hat behalve mei talint en taalgefoel benammen te krijen mei needsaak. Dam heart yn myn eagen ta de grutste grutmasters dy’t ús poëzij ken.

Folsleine resinsje fan Abe de Vries lêze >>>

Rynk Bosma yn de Balkster Courant:

De bondel toant finsters fan hjoed en foarby. Der binne oades oan de steatige stiennen bousels fan Wierum of Wetsens, tsjerken dy’t hiel wat minsklik leed oerlibbe ha. De toan hat de grize kleur fan in omploege eker earne oan de seedyk. It boadskip is foar de mins o sa werkenber, en mocht dat net sa wêze, priuw dan fan de taal, fan de wurden dy’t prachtich en byldzjend delsetten wurde.

Henk van der Veer in de Friesland Post:

De nieuwste bundel van Dam, en dan met name het eerste gedeelte, ontroert tot op het bot. Een deprimerende bundel? Absoluut niet! Eppie Dam weet ook heel goed te relativeren en niet voortdurend aan de dood te denken.

- Ynterview mei Eppie Dam troch Rynk Bosma

- Moanne ynterview Fallend Ljocht fan Eppie Dam