FacebookTwitterRSS Feed

Skriuwer fan de Moanne maart 2015

Douwe de Graaf

Portretfoto's Douwe de Graaf binne
makke troch Wim de Vries

Skriuwer fan de Moanne

Douwe de Graaf (1941) is berne oan de romrofte Noarderdwersfeart yn Drachten. Hy komt út in grutte húshâlding fan fyftjin bern. Syn heit wie arbeider. Nei syn stúdzje skiekunde yn Grins hat er syn hiele wurksume libben yn ’e ferveyndustry wurke. De earste helte dêrfan yn de technyske rjochting, de twadde helte op manager- en direksjenivo.

De lêste fyfjin jier wie er 'krisismanager', d.w.s. dat it syn taak wie om fan fervefabriken fan in grut ynternasjonaal konsern dy’t yn it bûtenlân yn need sieten wer goed rinnende bedriuwen te meitsjen. Dêrfoar hat er wurke en wenne yn Grikelân, Tailân, Hongarije en Sina. Dêrneist hat er projekten útfierd yn Saûdy-Arabië, Koeweit, Abû-Daby, Dûbai en Egypte. It lêste jier wie er consultant binnen dat konsern foar de fervefabriken yn East-Europa.

Nei syn pensjonearring begûn er niget te krijen oan de skiednis fan Drachten mei as resultaat dat yn 2004 syn earste suksesfolle boek ferskynde, "De Noorderdwarsvaart in Drachten". Binnen in moanne waard in twadde printinge fan it boek útbrocht dy’t ek wer útferkocht rekke.

Syn twadde boek wie 'Achtkarspelen, mensen door de tijd'. Dat boek behannelet de skiednis fan de doarpen en in tal bysûndere ynwenners fan Achtkarspelen tusken rûchwei 1800 en 1970. Fan dat boek binne twa printingen ferskynd. De earste printinge telde 2500 eksimplaren en wie binnen twa moanne útferkocht. De twadde printinge hie in oplage fan 1500 stiks en is no ek in einhinne útferkocht.
Yn oktober 2008 is syn tredde boek útkommen, ‘Drachten, mensen door de tijd’. Dat boek behannelet oan ’e hân fan de libbensferhalen fan bekende Drachtsters de skiednis en it wol en wee fan Drachten fan om-ende-by 1800 ôf oant likernôch 1960.
Libbensferhalen fan bekende Drachtsters; fan rike, earme, minne, goede, hurdwurkjende, luie, gekke, fleurige, mar foaral bysûndere minsken dy’t op harren manier it gesicht fan Drachten bepaald hawwe.