FacebookTwitterRSS Feed

Win kaarten foar 31 jannewaris 2013, de jûn oer de roman Kompleten yn LOFT (yn Boksum)

Op 31 jannewaris 2013 fertelt Marga Claus yn LOFT, it tsjerkje yn Boksum, oer har nijste roman Kompleten. Henneke Nauta fersoarget in part fan de jûn mei Sacred Dance.
Beantwurdzje de fragen en win in kaart foar dizze jûn.

1. Marga Claus debutearre yn 2000. Wat wie de titel fan har 2de roman?
a. Lytse Do
b. Bollman & Bollman
c. De heit fan Serafyn
d. oars

2. Wat is it berop fan de haadpersoan yn Bollman & Bollman?
a. Fotograaf
b. Putsjeskepper
c. Grintsortearder
d. Bibliotheekmeiwurker

3. Wêr slacht de titel fan Kompleten op?
a. dat it in kompleet boek is
b. dat it trije komplete ferhalen binne
c. op de 8st e gebedstsjinst fan in kleaster
d.  dat dit it lêste boek fan Marga Claus is.

4. De boeken fan Marga Claus komme út by:
a. Van Gennep
b. Bornmeer
c. Friese Pers Boekerij
d. De Afûk en Van Gennep

Stjoer it goede antwurd nei  Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. . Skriuw it nûmer fan de fraach op mei dêrachter de letter fan it goede antwurd.
Der binne 10 kaarten beskikber foar de goede ynstjoerders.


De jûn begjint om 20.00 oere, ynrin fan 19.45 ôf. De entree jildt €10, betelje by de yngong fan LOFT.
Der kinne op syn heechst 50 minsken meidwaan. Graach yn it foar per mail by de AFUK opjaan oft jo meidwaan wolle ( Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. ).

Adres LOFT: Oedsmawei 17, 9031 XN Boksum

Wat is Sacred Dance?

By Sakraal Dûnsjen leit it aksint op de beleving. ‘Sakraal’ betsjut hillich, hjir yn de sin fan heeljend. It is eins in foarm fan meditaasje, mar dan meditaasje yn beweging. De dûnsen besteane út ienfâldige choreografyen. Dûnsûnderfining is net nedich. Der is in protte werhelling en faak wurdt der yn in rûnte dûnse. Krekt de werhelling makket datst erfaarst wat it mei dy docht, en sa kin der ferdjipping yn it belibjen komme. De dûnsen, dy’t yn it foarste plak plezier en ûntspanning jouwe, kinne sawol ferstillend as útbundich fan karakter wêze, en alles wat dêr tuskenyn sit. Der wurdt gebrûk makke fan in ferskaat oan muzyk: klassyk, modern, religieus of folklore.

In soad dûnsen binne basearre op krêftige, oerâlde patroanen dy’t oerienkomme mei it ritme fan de natoer, lykas de sirkel, it krús, de lemniskaat en de spiraal. Se noegje út om dizze patroanen en ritmes yn dyn eigen liif te ûntdekken. Troch te dûnsjen rekkest wat oan wat unyk is foar elk minske: dyn boarne, dyn wêzen. Der ûntstiet romte foar ferbining mei dysels en mei de oaren yn de rûnte, mar ek mei it hegere: de Boarne, de stilte, it mystearje.

Dosinte
Myn namme is Henneke Nauta (Easterwierrum), dosinte Sacred Dance. Yn jannewaris 2014 rûnje ik myn oplieding ôf by de Opleiding Sacred Dance Nederland. Mei-inoar yn beweging wêze is foar my wichtiger dan technysk perfekt dûnsje, hoewol’t de passen seker fan belang binne. Hokker snaar wurdt rekke, wat trillet der mei op de eftergrûn? Ast dy dêrmei dwaande hâldst, kin dûnsjen heeljend wêze.

Kommende maitiid 2014 is it mooglik om dûnslessen, sawol oerdeis as jûns, by my te folgjen. Mar ek in dûnsworkshop heart ta de mooglikheden. Fierder wurkje ik mei oan fieringen en oare gelegenheden werby’t Sacred Dance in rol spylje kin.

Foar mear ynformaasje: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. / 06 24401788
Wolle jo op de hichte bliuwe fan workshops en lessen, lit my dit dan even witte oer de mail of de telefoan.
Foar mear algemiene ynformaasje oer Sacred Dance sjoch: www.dansparasol.nl